Appelskea wol reklame fiere as Big Apple fan Noard-Nederlân

13 feb 2019 - 08:32

De Big Apple fan Noard-Nederlân. Under dy namme wol Appelskea himsels ynkoarten útdrage. In spesjale groep, de Koöperaasje Appelscha Regio 3.0, sil mei in reklamekampanje op ynternet oan de slach. Se ha dêr subsydzje foar oanfrege by de gemeente Eaststellingwerf.

Appelskea wol reklame fiere as Big Apple fan Noard-Nederlân

Jan Henk Veenhouwer fan de koöperaasje fynt dat der al hiel wat ferbettere is nei in wat mindere perioade. In nij plein, in nije útsjochtoer en útwreiding fan de Turfrûte, fyts- en kuierpaden. Wat der noch mist, is in promoasjekampanje. Der leit in hiele merk iepen, want mear as de helte fan de toeristen komt út it Noarden.

Ek al hat de Boerestreek yn it sintrum noch hieltyd suterige gebouwen en keale perselen, foarsitter Veenhouwer tinkt dat dêr no in goede groep minsken mei oan de gong sil. De koöperaasje sil it proses stypje. Fierder nimme se eksploitaasje fan de Bosbergtoer fan de gemeente oer en hâlde se harren dwaande mei de útwreiding fan de Turf- en in keunstrûte. En se sykje foaral gearwurking mei oare regio's en toeristyske organisaasjes, want Appelskea stiet net op himsels.

De gemeenteried behannelet de oanfraach foar de reklamekampanje fan 300.000 euro op tiisdei 26 febrewaris.

Trefwurden: 
Appelskea promoasje Big Apple
(Advertinsje)
(Advertinsje)