Boeren helpe greidefûgels en sette plasdrasgebieten ûnder wetter

Fjirtich boeren yn Noardeast-Fryslân sette dizze wike stikken fan harren lân ûnder wetter. Sa soargje se derfoar dat greidefûgels lykas skriezen en ljippen mear fretten fine kinne en dat se rêstich briede kinne. De boeren stelle it meanen út oant de piken fleane kinne.
Plasdrasgebiet © Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld
Ferslachjouwer Lennie Bronsveld yn petear mei Albert van der Ploeg, foarsitter fan de Noardlike Fryske Wâlden
Ferslachjouwer Lennie Bronsveld praat mei melkfeehâlder Gjalt van Houten fan Lekkum oer it oanlizzen fan it plasdrasgebiet
It giet om spesjale plasdrasgebieten dy't ûnder wetter set wurde. Mei in pomp wurdt wetter út de sleatten op de greide pompt, wêrmei't it lân tusken de fiif en de fyftjin sintimeter ûnder wetter komt te stean. De boaiem wurdt dêr losser troch, sadat fûgels der makliker ynsekten, larven en wjirms út krije kinne. Dy ha grut ferlet fan dat fretten, om by te kommen fan de winter en de trektocht út it suden wei.