Asteriks giet fan fêst plak nei swalkjend bestean troch Ljouwert

13 feb 2019 - 07:26

Poppoadium Asteriks yn Ljouwert sil dit jier in swalkjend bestean liede. Acht jier lyn binne se úteinset yn de Blokhúspoarte, mar hjir binne se ein foarich jier út fuortgien. Asteriks programmearret dit jier yn Tryater, Zalen Schaaf, De Koperen Tún en Neushoorn. Doel is wol úteinlik wer in fêst plak.

Koen Haringa - Foto: Simone Scheffer, Omrop Fryslân

Ferslachjouwer Wendy Kennedy yn petear mei Koen Haringa fan Asteriks

In plak is net it iennige dêr't Asteriks nei op syk giet. Se sjogge dit jier ek as in werberiedsjier. "Asteriks is acht jaar geleden ontstaan in de Blokhuispoort. Leeuwarden was toen totaal anders. Het culturele klimaat is erg gegroeid, vooral dankzij Culturele Hoofdstad. De wereld is dus veranderd en ik vind dat wij ook moeten veranderen", sa fertelt Koen Haringa fan it poppoadium.

Sa wolle se eksperimintearje mei in grutter ferskaat oan sjenres. Asteriks rjochte him foaral op gitaarbands en 'indie-muzyk'. Se wolle no ek bygelyks mear dwaan mei hiphop en dancemuzyk. "Misschien is de conclusie wel dat we op de oude manier verder willen, maar dan hebben we in ieder geval wel nieuwe dingen uitgeprobeerd." Wol bliuwe se hoe dan ek dwaande mei opkommende talinten.

Mear as poppoadium

Fierder wolle se ûndersykje oft se mear wêze kinne as allinnich in poppoadium. "Afgelopen zomer hadden we een tijdelijke broedplek: de Stadsoase. Heel veel makers werden hier voor het eerst geconfronteerd met publiek." Boppedat wie it in goed plak om elkoar te moetsjen. "We merkten hier dat de plek eigenlijk belangrijker is dan wat er op het podium staat."

Ek wolle se mear mei nachtkultuer dwaan. "Het nachtleven in Leeuwarden is niet heel erg bruisend. Veel mensen gaan vaak naar Groningen om te stappen." Haringa soe it moai fine wannear't Ljouwert ek in soarte fan plak krijt sa as op it eardere SuikerUnieterrein yn Grins dêr't allegearre eveneminten en feesten organisearre wurde. "Op de industrieterreinen in Leeuwarden staan veel panden leeg."

Trefwurden: 
Ljouwert Asteriks poppoadium
(advertinsje)
(advertinsje)