Tiny Hoekstra sjit SC Hearrenfean yn ferlinging nei kwartfinale

It frouljusteam fan SC Hearrenfean hat tiisdeitejûn de kwartfinale yn it bekertoernoai berikt. De Friezen wûnen yn Zeist muoisum fan topklasser Saestum (3-4). Pas yn de ferlinging skeat Tiny Hoekstra har ploech nei de folgjende ronde, wêryn't FC Twente wachtet.
Tiny Hoekstra yn aksje tsjin FC Twente © www.orange-pictures.nl
SC Hearrenfean begûn net goed oan de wedstriid. Nei tweintich minuten seach de ploech fan trainer Roeland ten Berge tsjin in 2-0 efterstân oan. Krekt foar it skoft makke Fenna Kalma de oanslutingstreffer (2-1).
Yn it begjin fan de twadde helte brocht Saestum de marzje wer op twa (3-1). Tweintich minuten dêrnei makke Hoekstra it wer spannend en skeat in rebound binnen (3-2). Saestum like foar in stunt te soargjen, mar yn de ekstra tiid twong Elze Huls in ferlinging ôf (3-3), wêryn't Hoekstra it duel beslisse soe (3-4).

Tsjin FC Twente

Yn de kwartfinale wachtet SC Hearrenfean in útwedstriid tsjin FC Twente, sa wiisde de lotting út. It duel wurdt spile op sneon 9 of snein 10 maart.