Stipe foar komst sinnepark by Easterwâlde, mar ek krityske lûden

De gemeenteried fan Eaststellingwerf stipet de realisaasje fan in grut sinnepark súdlik fan Easterwâlde, flakby it Ecomunitypark. Dat die tiisdeitejûn bliken by de kommisjegearkomste fan de gemeente. Dochs wie der ek in soad krityk op de gong fan saken.
© Omrop Fryslân
Direkteur Anne-Jan Zwart fan it Ecomunitypark wie benammen kritysk oer ûntwikkelder GroenLeven, dy't neffens Zwart respektleas omgiet mei it konsept fan syn duorsume park. It fjild mei sinnepanielen moat 51 bunder grut wurde en dat is "ongehoord groot", seit Zwart.
Ek fynt er dat der in bettere lanskiplike ynpassing foar it sinnepark komme moat. It moat neffens him net sichtber wêze fan it Ecomunitypark en de N381 ôf. De provinsje wol just dat der iepen sicht komt fan de dyk ôf, seit wethâlder Fimke Hijlkema.

Gjin kommunikaasje

Oar punt fan krityk wie it ûntbrekken oan kommunikaasje fan GroenLeven mei de boeren en oare omwenners.

Better plak?

De VVD is foar de komst fan it sinnepark. "Er is geluisterd naar het advies van de provincie. Het valt niet altijd mee om het iedereen naar de zin te maken. Waar is een betere plek, die tegen een industrieterrein aanligt waar de opgewekte energie ook gebruikt kan worden?", seit VVD-riedslid Harm Tel.