Plannen nij buorskip Unia by Ljouwert soargje foar argewaasje by omwenners

12 feb 2019 - 22:26

De plannen foar de bou fan goed 200 wenten by Ljouwert soargje foar in soad argewaasje by omwenners. De gemeente wol de kommende jierren de wyk De Súdlannen útwreidzje mei in nij buorskip: Unia. Dat moat boud wurde tusken de Wâldwei en it buorskip Techum. Mei-inoar wol de gemeente Ljouwert yn de wyk 5600 wenten bouwe.

Foto: Google Streetview

Nije plan Unia presintearre

De gemeente hat tiisdei it stêdeboukundich plan presintearre. Dêryn stiet omskreaun hoe't de wyk der út komt te sjen. Neffens wethâlder Hein de Haan past it goed yn de wyk dy't opboud is út lytse buorskippen. It wurdt allinnich lytser as earst tocht. De Haan: "We hebben een concessie gedaan naar het wijkpanel. We moeten de wijk dichterbij de bestaande woningen bouwen en hebben dus minder ruimte. In plaats van de geplande 350 woningen willen we er nu ruim 200 bouwen."

"Gemeente skeint ôfspraken"

It wykpanel en omwenners fine dat de gemeente mei de plannen ôfspraken skeint. Foarsitter Sint Smeding fan wykpanel De Súdlannen: "Men zou verder van de bestaande woningen af bouwen. Er is mensen daar bijvoorbeeld beloofd dat ze vrij uitzicht zouden hebben. Die krijgen nu op 30 meter afstand een woning. Dat kan zo niet."

Hy is perfoarst net tsjin de bou fan de wenten: "Nee, want we weten dat er gebouwd gaat worden. Maar we willen wel dat de gemeente zich houdt aan de bestaande plannen, hun eigen structuurvisie. Met veel groene ruimte tussen de buurtschappen. We hadden graag meegedacht, maar zijn pas laat betrokken bij de plannen."

De Haan begrypt de krityk fan it wykpanel. Hy erkent dat de kommunikaasje net altyd goed ferrûn is: "Toen we de wijk begonnen te bouwen was overleg niet nodig want er woonde nog niemand, nu is dat anders. Dan heb je bewoners die het niet overal mee eens zijn."

Om de Wurdumerfeart

It wykpanel sjocht leaver dat der om de Wurdumerfeart hinne wenten boud wurde. "Dat was eerst ook de bedoeling. Maar er zijn daar problemen met de verwerving van grond. Wij stellen dan ook voor om dan eventueel in twee fases te bouwen. Eerst een gedeelte aan de ene kant van de vaart en daarna, als de grond aangekocht is, aan de andere kant."

Soad ferlet fan wenten

Dat der minder wenten boud wurde kinne, is in tebeksetter foar de gemeente Ljouwert. It ferlet oan nije wenten is grut. It ôfrûne jier binne der 828 wenten byboud. Wethâlder Hein de Haan: "Wij bouwen komend jaar nog weer 300 tot 400 nieuwe woningen in de nieuwbouwwijken. In de stad zelfs nog meer. We zijn op alle fronten goed bezig. Maar we moeten forse aantallen blijven bijbouwen."

Yn de stêd bart dat bygelyks troch wenten te bouwen yn leechsteande kantoarpannen.

Frou Witteveen yn Techum

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
(advertinsje)
(advertinsje)