Aldste aktive fytser fan Nederlân wennet op It Hearrenfean

12 feb 2019 - 22:10

Gerrit Scheenstra is 97 jier en wennet op It Hearrenfean. Geregeld pakt Scheenstra noch de fyts. Bygelyks foar in tochtsje nei de Weerribben. Dat levere him De Gouden Trapper op: de priis foar de âldste noch aktive fytser fan Nederlân.

Foto: ANP

Scheenstra krige de priis tiisdeitemiddei yn Den Haag út hannen fan ferkearsminister Cora van Nieuwenhuizen. De priis is it startsein fan it projekt Doortrappen. Dit projekt hat as doel doel âlderen derop te wizen dat fytse op leeftiid gjin beswier hoecht te wêzen. Foar Scheenstra is it fytsen in deistige aktiviteit.

De 97-jierrige Feanster hat ek ferstân fan fytsen: hy hat nammentlik hast fjirtich jier by Batavus wurke.

(advertinsje)
(advertinsje)