Rekôrtal berneboeken meitsje kâns op Simke Kloostermanpriis

Der binne mar leafst fjirtich Fryske berneboeken dy't yn de beneaming komme foar de Simke Kloostermanpriis. Dat is folle mear as foargeande jierren. De Simke Kloostermanpriis wurdt om de trije jier útrikt.
© Omrop Fryslân
De sjuery, dy't de priiswinner beneame sil, is wakker wiis mei it grutte tal gadingmakkers. Njonken it oantal boeken is de sjuery ek wiis mei it uterlik en it ferskaat oan boeken. Der binne moaie printeboeken, keunstboeken, skoallêsboeken en ferse-, ferhale- en poëzybondels dy't kâns meitsje op de priis.
De Simke Kloostermanpriis wurdt yn maaie útrikt.
Simke Kloosterman wie in ferneamde Fryske skriuwster. Se is ferneamd wurden troch de romans dy't se foar folwoeksenen skreau, mar se hat sels ek berneboeken skreaun werûnder Twiljochtteltsjes, it Great Teltsjeboek en it Lyts Teltsjeboek. Nei Kloosterman har dea is yn 1982 is besletten in priis beskikber te stellen foar it bêste Frysktalige berneboek. De priis wurdt elke trije jier troch in profesjonele sjuery útrikt.