Frou út Harns krijt boete foar mislediging fia Twitter

12 feb 2019 - 21:17

In 58-jierrige ynwenster fan Harns hat in boete fan 300 euro krigen foar smaad fia Twitter. De frou hie it foarsjoen op in man dy't har holpen hie mei it oanmelden by de sosjale tsjinst. Neffens har hie de man de oanmeldingspapieren net wer oan har weromjûn.

Rjochter - Foto: Shutterstock.com

Op trije ferskillende Twitter-accounts hie de frou har lilkens fentilearre. Se misledige de man en neamde him 'oplichter', 'ziekelijke stalker' en 'smerige homo-pedo-pervert'. It slachtoffer hat dêrop oanjefte fan smaad dien.

De offisier fan Justysje easke in boete fan 500 euro, mar neffens de rjochter is der by de frou nei alle gedachten sprake fan fermindere tarekkenberheid. Dêrtroch foel de straf 200 euro leger út.

(advertinsje)
(advertinsje)