FIDEO: Hoe belangryk is in supermerk foar in doarp?

12 feb 2019 - 20:39

Om boadskippen te dwaan, wolle je eins net te fier reizgje. Foar de leefberens fan in doarp is it hawwen fan in supermerk dêrom hiel belangryk. Dochs kamen de ôfrûne tsientallen jierren aardich wat doarpen sûnder winkel te sitten.

Yn Nij Beets wie dat ek it gefal, mar dêr hawwe se sûnt in pear jier wer in buertsuper. En dêr wurdt goed gebrûk fan makke.

Wynjewâld, efkes fierderop yn de gemeente Opsterlân, hat op it stuit gjin doarpswinkel. In pleatslike wurkgroep wol dêr feroaring yn bringe.

(advertinsje)
(advertinsje)