Gjin nije wynmûnen mear yn de Iselmar, wol sinnepanielen

12 feb 2019 - 20:17

Yn it Iselmargebiet is wol romte foar sinne-enerzjy en waarmtegebrûk, mar net foar nije wynmûnen. Dat stiet yn de enerzjyferkenning Iselmargebiet, in rapport dat makke is yn opdracht fan Fryslân en de oare Iselmarprovinsjes Flevolân, Noard-Hollân en Oerisel.

Foto: Omrop Fryslân

Deputearre Sander de Rouwe

De útkomsten yn de ferkenning jouwe oan hokker mooglikheden en beheiningen der yn it gebiet binne. Dat is fan belang as de provinsjes takomstich belied meitsje wolle. Njonken wynmûnen en sinnepanielen binne ek geotermy en termyske enerzjy út iepen wetter mooglike enerzjyboarnen.

Deputearre Sander de Rouwe is wiis mei it rapport. As foarsitter fan de stjoergroep Energieverkenning IJsselmeergebied fynt er it belangryk te witten hoe't jo enerzjy opwekje kinne yn it Iselmargebiet sûnder dat de natuer en toerisme skeind wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)