Radio: in magysk ferbiningsmiddel

12 feb 2019 - 19:30

Radio stjert in stille dea. Troch de komst fan telefyzje, ynternet en Spotify wie dat lange tiid de gedachte fan in hiel soad minsken. Mar neat is minder wier. Radio makket in opmars. Searjes op Netflix, vlogs op Youtube of foto's op Facebook en Instagram, it ferfangt allegear net itjinge wat radio bringt. Op woansdei 13 febrewaris is it Wrâld Radio Dei en dêrom seagen we dêr yn Fryslan Hjoed op foarút.

Spagetty yn 'e tas

"Radio hat wat magysk, dat fûn ik as jong famke al", fertelt ferslachjouwer Karen Bies. Sy wurket no al 25 jier by Omrop Fryslân en is nea de leafde foar radio kwytrekke. Ien fan de mominten dy't har it meast bybleaun is, hie alles te krijen mei de âlde opname-apparatuer.

"Ik hie it ynterview fan myn libben. De persoan dy't ik ynterviewde, ik soe syn namme net mear witte, fertelde sa moai. Hiel emosjoneel. Nei ôfrin fan it ynterview seach ik yn myn tas mei opname-apparatuer. Ik seach dat it bantsje hielendal útrôle wie. It like krekt op spagetty yn 'e tas!" Gelokkich is it mei it ynterview wol wer goed kaam: "Ik ha de man opsocht en frege oft hy syn ferhaal nochris dwaan woe. En hy moast wer gûle!"

SC Hearrenfean yn Athene

Ek radioman Geert van Tuinen hat tsientallen ferhalen fan wat hy meimakke hat. "Jierren ferlyn reizge ik mei SC Hearrenfean ôf nei Athene. Dy spilen doe Champions League tsjin Olympiakos Pireaus. We moasten 750 dollar betelje foar in ISDN-line, de ferbining tusken Athene en Ljouwert. Korrupte Griken! De dei foar de wedstriid kamen we dêr en stie der sa'n Zorba de Gryk, sa'n foute man mei sa'n snor en 'tandpastaglimlach' en ik tocht: dy komt om it jild. Mar dat die er net."

De oare deis hie de man lykwols it ferbiningskastke fuorthelle en moast Van Tuinen dochs noch de 750 dollar op it kleed lizze. "Ik bin in Bilkert en dan giest dwerstroch midden. It wie ferskriklik."

Sjoch hjirûnder nei de skiednis fan de Fryske radio

Podcast: de takomst fan de radio?

De lêste jierren wurde podcasts hieltyd populêrder, audio-útstjoeringen dy'tst online streame of downloade kinst en offline belústerje kinst wannear'tst wolst. Dit jier sil Omrop Fryslân mei de Leeuwarder Courant en it Friesch Dagblad in podcastsearje meitsje. In mienskiplik projekt oer de legacy fan Kulturele Haadstêd. It wurdt in dokumintêresearje oer de takomst fan Fryslân, seit Bies.

Neffens Van Tuinen betsjut de groeiende populariteit fan podcasts absolút net de ein foar de radio. "It is it aldermoaiste medium dat der bestiet op de wrâld. Dêr kin gjin telefyzje, podcast, ynternet of wit ik wat foar flut tsjin oan. Radio that's it en it bliuwt foar altyd."

Wrâld Radio Dei by Omrop Fryslan

Op Wrâld Radio Dei 13 febrewaris diele programmamakkers fan no en út it ferline de moaiste radiomominten, mar ek fragminten dy't noch nea earder mei it publyk dield binne op 92.2FM. Omrop Fryslân stiet ek ekstra stil by de harkers op de ynternasjonale dei fan de radio. Wa binne sy en wat betsjut radio foar harren?

Boppedat meitsje harkers de hiele dei kâns op prizen. Yn de kwis 'Wêr giet it oer' meitsje minsken kâns op in nostalgyske radio, dy't ek nochris hielendal klear is foar de takomst.

Trefwurden: 
radio Wrâld Radio Dei
(advertinsje)
(advertinsje)