Boartersguodwinkel Intertoys freget útstel fan betelling oan

12 feb 2019 - 17:30

Boartersguodwinkel Intertoys hat útstel fan betelling oanfrege foar syn Nederlânske aktiviteiten. It bedriuw hat al in skoft te krijen mei swiere merkomstannichheden. Yn tsien jier tiid soe de ferkeap fan boartersguod mei de helte ôfnommen wêze. It bedriuw hat trettjin fêstigingen yn Fryslân.

Foto: ANP

Neffens Intertoys is in nije struktuer fan it bedriuw nedich om de tanimmende konkurrinsje fan 'discounters' oan te kinnen. Foar no bliuwe de winkels gewoan iepen. De rjochter hat bewâldfierders oansteld; dy sille de kommende tiid sjen hoe't se it bedriuw oerein hâlde kinne.

Yn totaal wurkje der mear as 3.200 minsken by it bedriuw.

(Advertinsje)
(Advertinsje)