UPDATE: Brânwacht yn aksje foar brân op dak Beursgebou Ljouwert

Yn it Beursgebou yn Ljouwert hat tiisdei oan it ein fan de middei koart brân west. Op bylden wie te sjen dat der flammen út it dak kamen. Dat wie flak achter de klok yn de monumintale gevel fan de eardere biblioteek.
© Kappers Media
De brânwacht wie mei in heechwurker oanwêzich om it fjoer út te meitsjen. Dêrnei koe de brânwacht begjinne mei it neidwêsten en fan binnenút kontrolearje oft it fjoer goed útmakke wie.
Hoe't de brân krekt ûntstean koe, is net bekend. Der sil noch fierder ûndersyk dien wurde.
© Anton Kappers