Nije brede skoalle Beetstersweach komt by de fuotbalferiening

De nije brede skoalle yn Beetstersweach komt by it oefenterrein fan de lokale fuotbalferiening De Sweach. De gemeenteried fan Opsterlân hat moandeitejûn yn de riedsgearkomste dy lokaasje oanwiisd. Neffens har slút dizze lokaasje goed oan by de foarkar fan it doarp.
It plak by De Sweach © Gemeente Opsterlân
Nei ûndersyk, wêrby't ek it ûnderwiis en de ynwenners befrege waarden, bleaune der twa lokaasjes oer as opsje foar de skoalle. Dat is no de lokaasje by de fuotbalferiening wurden. Dy biedt de measte kânsen foar gearwurking en hat dêrtroch de grutste mearwearde foar de bern.
De fuotballokaasje foldocht neffens de ried oan de easken wat de iepenbiere romte oanbelanget en der is foldwaande plak om it skoalgebou del te setten.

Klear yn 2021

No't de lokaasje keazen is, folget it ûntwerp fan de brede skoalle. It is de bedoeling dat de skoalle yn 2021 klear is.