Nestcam: koekeloer binnen by de rôffûgels

12 feb 2019 - 17:01

Kinsto ek net wachtsje oant de maitiid? It duorret spitigernôch noch wol efkes foardat de winterjas wer út kin. It Fryske Gea en Vogelbescherming Nederland bringe de maitiid dêrom nei dy ta. Mei in saneamde fûgelwebcam kinst de perikels tusken in see-earn en in hauk live folgje.

Foto: It Fryske Gea

Foarich jier belibben natuerleafhawwers foar it earst de striid tusken de beide rôffûgels op harren nêst yn Nasjonaal Park De Alde Feanen. Sawol de hauk as de see-earn hiene itselde plakje op it each en strieden dêr hurd foar.

Nij dit jier is in ekstra kamera by it plukplak fan de hauk. Fan snein 17 febrewaris ôf kinst livebylden hjir folgje. Foar blogs en fideo's fan de hichtepunten kinst It Fryske Gea en Vogelbescherming Nederland folgje.

Jan de Boer fertelt oer de fûgelwebcam

Ek beprate wy geregeld live de hichtepunten mei fûgelekspert en blogger Jan de Boer yn it radioprogramma De Middei Fan Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)