Hoe siet it no krekt mei de sânwinning op de Iselmar?

12 feb 2019 - 16:45

It is al jierren in tema yn de gemeente De Fryske Marren: de sânwinning op de Iselmar. Woansdeitejûn wurdt der yn de gemeenteried fan De Fryske Marren stimd oer de sânwinning. FNP liet ferline wike witte him tsjin de plannen te kearen. Fraksjefoarsitter Olaf Storms fan de VVD lei moandei in bom ûnder de koälysje as de FNP definityf tsjin de plannen stimt. Andries Bakker, polityk ferslachjouwer by Omrop Fryslân leit it ien en oar oer dizze kwestje út.

Sânwinning De Fryske Marren

"It plan fan Royal Smals is om tritich jier lang twa miljoen kúb sân te winnen foar de oanlis fan bygelyks diken en allerhande oare saken", sa seit Bakker. "It sân yn de rivieren fan ús lân is hast op. Doe hat dat bedriuw sein: 'De Iselmar soe foar ús in moai gebiet wêze om sân te winnen'. Al yn 2007 wiene de earste petearen yn doe noch de gemeente Gaasterlân-Sleat en yn 2011 waard der in akkoart sletten.

Wat is it 'probleem' mei de sânwinning?

It is net samar wat, dat plan fan Royal Smals. De bedoeling is dat der sa'n fiif kilometer út de kust by Aldemardum sân wûn wurdt. It grutste tema, foaral by de opposysje, boargers en natuerorganisaasjes, is dat se benaud binne dat de kust bot fersmoarge wurdt. Dat kin lûdsoerlêst wêze, ljochtfersmoarging, mar se binne ek benaud foar de negative gefolgen foar de rekreaasje.

It sânfabryk is troch de stimmeferhâlding fan de baan.

Andries Bakker, polityk ferslachjouwer Omrop Fryslân

Wat binne de gefolgen fan de sânwinning?

Der is no in kolleezje fan VVD, CDA en FNP. Sy binne yn 2018 begûn mei har regearperioade en yn it kolleezjeakkoart stiet neat oar dizze sânwinning. Dat hawwe se dien om't it yn 2012 al mûnling besletten wie.

Kolleezjepartij FNP wol har no, nei lûden út de befolking en sa'n 15.000 hantekenings weromlûke út dit mûnlinge akkoart en tsjinstimme. CDA en VVD binne hjir bot op tsjin en twivelje oer it betrouwen yn harren koälysjepartner. Doe hat de VVD sein dat sy net mear mei de FNP yn it kolleezje sitte wol.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Uteinlik leit de beslissende stim by de gemeenteried. Yn in eardere situaasje wiene der tolve stimmen foar en tsjin, Doe kaam it op de FNP oan, dy't sân stimmen hat. De FNP hat sein dat se tsjinstimme sil, dus dan hast in stimmeferhâlding fan 12 foar, 19 tsjin. It sânfabryk is dêrmei echt fan de baan.

Minister van Ynfrastruktuer en Wettersteat, Cora van Nieuwenhuizen hat sein dat se it by de gemeente lit, mar jo witte nea wat foar krêften der noch frijkomme. Miskien dat it Ryk him noch mei dizze kwestje bemuoie sil, mar dan sil it sânfabryk net by Aldemardum komme", sa beslút Bakker.

(Advertinsje)
(Advertinsje)