Oer seis wiken dúdlikheid oer hoanne yn mêst by Kallemooi

12 feb 2019 - 16:35

De rjochtbank yn Grins nimt seis wiken de tiid om in beslút te nimmen oer de tradysje fan de hoanne mei it Kallemooifeest op Skiermûntseach. De saak wie oanspand troch Comité Dierennoodhulp. Dy fynt it bistemishanneling dat in hoanne trije dagen lang yn in kuorke opsletten wurdt op 18 meter hichte yn in mêst.

Kallemooi Skier

De gemeente Skiermûntseach hat der in fergunning foar jûn en fynt dat der genôch dien is om it wolwêzen fan de hoanne yn de gaten te hâlden. Der stiet in kamera op en der is in bistedokter dy't de hoanne yn de gaten hâldt.

Ferline jier brochten foar- en tsjinstanners al har stânpunt nei foaren by in harksit op Skiermûntseach. Neffens Comité Dierennoodhulp kin it eilân ek goed feestfiere sûnder hoanne yn in mêst.

Kallemooi wurdt hâlden mei Pinkster, dat dit jier op 9 en 10 juny falt. Foar dy tiid wurdt dus dúdlik oft de hoanne wol of net mear yn de mêst hingje mei.

Foto: Omrop Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)