2,5 jier sel foar mishanneling finzene yn de Marwei

In 20-jierrige Hurdegariper is tiisdei feroardiele ta twa en in heal jier sel foar it mishanneljen fan in meifinzene yn de Marwei yn Ljouwert. Twa oare fertochten út Ljouwert, fan 27 en 34 jier, krigen twa jier sel. Neffens de rjochtbank wie de man út Hurdegaryp de inisjatyfnimmer.
De Marwei yn Ljouwert © Omrop Fryslân
De trije manlju hawwe yn augustus foarich jier in 40-jierrige ynwenner fan Koatstertille yn syn sel swier mishannele. It slachtoffer rûn ûnder mear in brutsen eachkas en in stikkene noas op. Neffens de Hurdegariper hie de man drugs foar him efterholden.
It Iepenbier Ministearje easke twa wiken lyn fiif jier sel tsjin de fertochten, foar it skeinen fan it húsrjocht fan it slachtoffer. Dêr wie de rjochtbank it net mei iens; dy fûn dat in finzenissel net itselde is as in wenning.