Sportferiening RWF yn Fryske Peallen krijt keunstgersfjild

12 feb 2019 - 15:36

Sportferiening RWF yn Fryske Peallen krijt in keunstgersfjild. De gemeenteried fan Opsterlân gie dêr moandeitejûn mei akkoart. It fjild kostet sa'n 500.000 euro. Dêrfan moat RWF sels in tredde part bydrage. By de feriening binne se út de skroeven mei it nijs.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

"De ôfrûne jierren kaam hieltyd nei foaren dat wy te min trainingsfjild hawwe. It binne tefolle teams op in te lyts hoekje fjild", seit bestjoerslid Berend Jongsma. "Sa wurdt it fjild blabberich. Wy moasten útwike nei oare plakken. It kluplibben ferpleatst him dêrom nei oare klups ta. Mei in keunstfjild wurdt dat folle makliker."

It hat lang duorre. Der wiene nammentlik ferskate plannen makke. "Al mei al wie it wol in proses dêr't goed oer neitocht wurde moast. We binne ta dit foarstel kaam en dêr binne wy bliid mei."

Bestjoerslid Berend Jongsma oan it wurd

Trefwurden: 
keunstgers Fryske Peallen RWF
(Advertinsje)
(Advertinsje)