WoonFriesland stekt 2,2 miljoen euro yn duorsum meitsjen apparteminten

Wenningkorporaasje WoonFriesland is úteinset mei it duorsum meitsjen fan 88 apparteminten oan de Rixtwei yn de Ljouwerter wyk Westeinde. De wenningen, de sintrale hal en de treppehuzen sille flink oanpakt wurde. De opknapbeurt kostet sa'n 2,2 miljoen euro.
© WoonFriesland
Yn de wenningen sil de korporaasje ûnder oare de badkeamers, wc's en keukens fernije. Ek wurde der sinnepanielen pleatst en krije alle apparteminten isolearjende ruten.
De wurksumheden moatte yn july fan dit jier klear wêze.