Kosten 11Fountains falle flink heger út as ferwachte

12 feb 2019 - 14:27

It projekt 11Fountains is goed 1,25 miljoen euro djoerder wurden as de 5,6 miljoen euro dêr't de provinsje it fan dwaan woe. De hegere boukosten binne hast in heal miljoen en sille dutsen wurde troch de provinsje en de belutsen gemeenten.

Yn de begrutting wie rekken hâlden mei ien miljoen euro oan ynkomsten út sponsoaring. Dat is by lange nei net helle. De teller is stykjen bleaun op hast 250.000 euro.

De provinsje stiet foar it tekoart. Deputearre Sietske Poepjes seit dat it is ûntstien, omdat de provinsje te let de organisaasje fan de Stichting Kulturele Haadstêd oernommen hat.

Nettsjinsteande it tekoart fynt de provinsje it projekt 11Fountains wol tige slagge.

Ljouwert net ta de bûse

De gemeente Ljouwert hoecht net ta de bûse. Binnen de organisaasje fan LF2018 is ôfpraat dat Ljouwert de kosten foar de Reuzen foar syn rekken nimt. Dat projekt foel fiif ton djoerder út. Der wie mear jild nedich foar de befeiliging fan it evenemint.

(advertinsje)
(advertinsje)