FNV sleept Randstad foar rjochter om ûnderbetelling Ljouwerter meiwurkers PostNL

Fakbûn FNV hâldt moandeitemiddei in poarte-aksje by it distribúsjesintrum fan PostNL oan de râne fan Ljouwert. Yn dat distribúsjesintrum wurde alle pakjes en pakketten ferwurke dy't ynwenners fan Fryslân bestelle by ynternetwinkels. Neffens fakbûn FNV krije de meiwurkers fan it distribúsjesintrum yn Ljouwert minder betelle as harren kollega's yn Grins en Amersfoort.
© Omrop Fryslân
De meiwurkers yn Ljouwert binne yn tsjinst fan útstjoerburo Randstad, dy't neffens de FNV de CAO-ûntdûkt. De meiwurkers en fakbûn FNV hawwe skjin har nocht fan dizze situaasje en sille dêrom de lieding fan Randstad in te lêste lizzing presintearje. FNV-bestjoerder Masja Zwart sit midden yn de tariedingen fan dy aksje.
Ik heb liever dat Randstad dit zo met ons regelt, maar na één jaar praten heb ik daar weinig vertrouwen in.
FNV-bestjoerder Masja Zwart
Yn de daging claimt fakbûn FNV sa'n 7,5 miljoen euro fan Randstad oan efterstallich lean. Randstad lit yn in earste reaksje wite 'best' mei FNV prate te wollen, mar neffens Zwart is de gong nei de rjochter nei alle gedachten needsaaklik om it útstjoerburo ta echte tasizzingen te twingen. "De gang naar de rechter duurt lang. Je bent zomaar 1 tot 2 jaar verder. Ik heb liever dat Randstad dit zo met ons regelt, maar na één jaar praten heb ik daar weinig vertrouwen in."

Prinsipiële saak

De striid tsjin de saneamde skynkonstruksjes oftewol 'contracting' is foar fakbûn FNV in prinsipiële saak. It ûntdûken fan de CAO mei net. It FNV hat de CAO ôfpraat mei wurkjouwers as PostNL en Randstad en moat dêrom wol yn aksje komme as partijen har der net oan hâlde. "Gelijke beloning voor gelijk werk is een principezaak. De mensen voelen zich niet gerespecteerd als ze minder uitbetaald krijgen als hun collega's die in een andere stad precies hetzelfde werk doen. De mensen in de distributiecentra werken hard en verdienen het om fatsoenlijk betaald te worden."
Masja Zwart (FNV) oer de aksje by it distribúsjesintrum fan PostNL yn Ljouwert