Provinsje keapet oandielen Vitens

09 nov 2011 - 16:53

De provinsje Fryslân hat woansdei offisjeel de hanteken set ûnder de oankeap fan trettjin persint fan 'e oandielen fan Wetterbedriuw Vitens. De provinsje bettelet hjir 54 miljoen euro foar.

Troch sa'n grut belang yn it bedriuw te nimmen tinkt Fryslân de aktiviteiten dy't Vitens yn Fryslân hat fêst te hâlden en mooglik sels útwreidzje te kinnen. Sa koe ek de wurkgelegenheid dy't dat opsmyt, inkelde hûnderten banen, behâlden wurde kinne. Ek ferwachtet de provinsje in rindemint fan tusken 3 en de 4 persint fan dizze ynvestearring.

(advertinsje)