Gemeente en provinsje dogge proef mei hurdfarre op de Burgumer Mar

12 feb 2019 - 11:43

Hurdfarre kin mar op in pear plakjes yn Fryslân en meikoarten ek wer op de Burgumermar. De gemeente Tytsjerksteradiel en de provinsje Fryslân ha dêr earder al in beslút oer naam. It giet foarearst om in pilot fan twa jier.

Ynformaasjejûn yn Burgum - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Op in ynformaasjejûn yn Burgum waard moandei benammen praat oer de punten dêr't nei sjoen wurde by dy proef. Dochs woene guon oanwêzigen krekt de basisfraach wer oan 'e oarder ha: moatte we der wol oan begjinne?

"Wy hawwe hjir 25 jier wenne en ik ha meimakke dat hurdfarrende boaten noch tastien wiene. Dy hâlde nearne rekken mei", fertelt in man op de ynformaasjejûn. "Der swimme dêr ek bern. As dy boaten dêr del jeie, wist wol hoe't dat giet. Dat kin gewoan net", fertelt in oar.

Ferslachjouwer René Koster wie by de ynformaasjejûn

Inisjatyfnimmer Jack Dijkstra is it net mei de tsjinstanners iens. "Bewizen lizze op tafel. Al ús arguminten binne ûnderboud", seit er. "Der hat ekologysk ûndersyk west. Der binne lûdmjittings dien. Der binne mjittings dien mei drones en satellytbylden."

Yn de proef sil letten wurde op lûd, feiligens, wetterkwaliteit en effekten op de natuer. Fierder komt der in meldpunt en in enkête by omwenners en campinggasten. As alles neffens plan ferrint, kin proef fan it simmer los.

Trefwurden: 
Burgumer Mar hurdfarre
(advertinsje)
(advertinsje)