FIDEO: Piet en Martsje Paulusma oer it 25-jierrich jubileum

12 feb 2019 - 11:10

Piet Paulusma hat syn 25-jierrige jubileum by Omrop Fryslân. Op 11 febrewaris 1994 presintearre er syn earste waarberjocht yn it telefyzjeprogramma Hjoed fan Omrop Fryslân. Hy wurke doe al as waarman foar Omrop Fryslân, dêr't er sûnt 1985 op radio te hearren is.

Yn Fryslân Hjoed sjogge we mei Piet en syn dochter Martsje werom op de ôfrûne 25 jier.

(advertinsje)