Buertprevinsjetest: hoe alert binne minsken op fertochte situaasjes?

12 feb 2019 - 10:18

Hoe gau skilje minsken 112 by in fertochte situaasje yn harren wyk of strjitte? Dat freget gemeente Weststellingwerf har ôf. Sûnt 2015 binne ferskate buertprevinsjegroepen oprjochte yn de gemeente. Om te ûndersykjen hoe alert de minsken binne yn harren buert, docht de gemeente in buertprevinsjetest.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Der wurde fertochte situaasjes troch de plysje yn sêne setten en dan is it de fraach oft de buert dêr op reagearret troch 112 te beljen of bygelyks de buertprevinsje-app te brûken. Ek wurde minsken út de previnsjegroepen útnûge om mei te sjen efter de skermen op it plysjeburo of om sels mei te riden yn in plysje-auto.

Vaak hoor je achteraf: 'Ik heb wel wat verdachts gezien, maar ik bel maar niet 112.

Annet Folkerts, Specialist Veiligheid by de gemeente Weststellingwerf

"Vaak hoor je achteraf: 'Ik heb wel wat verdachts gezien, maar ik bel maar niet 112'. Mensen weten soms niet dat je ook bij een verdachte situatie al 112 mag bellen. Als de politie tijdig wordt geïnformeerd, dan kunnen ze nog kijken of de verdachte persoon nog in de buurt aanwezig is", leit Annette Folkerts, Specialist Veiligheid by de gemeente Weststellingwerf, út. "Dan kun je beter te vaak, dan te weinig 112 bellen."

De oanlieding foar dizze test is de tanimming fan it tal wenteynbraken yn de gemeente. Dat hat te krijen mei de de tsjustere dagen en de fakânsjes, seit Folkerts.

Annette Folkerts, spesjalist Veiligheid Weststellingwerf oer de previnsjetest

(advertinsje)
(advertinsje)