Waadferiening slút him oan by rjochtsaak tsjin Shell

12 feb 2019 - 09:48

De Waadferiening en fiif oare miljeuorganisaasjes slute harren oan by de rjochtsaak dy't Miljeudefinsje foarich jier oanspand hat tsjin oaljekonsern Shell. Yn in brief oan it bedriuw stelle de organisaasjes Shell oanspraaklik foar it oanrjochtsjen fan mondiale klimaatskea. Doel fan de rjochtsaak is dat it bedriuw yn 2050 gjin skealike broeikasgassen mear útstjit.

De Waadferiening en oare organisaasjes, lykas Greenpeace Nederlân en Milieu Actief, daagje Shell op 5 april by it haadkantoar fan it bedriuw yn Den Haag. De Waadferiening sil him yn 'e rjochtsaak sterk meitsje foar de belangen fan it Waadgebiet.

Seespegel

It giet dan benammen om it oanpakken fan de gefolgen fan it heger wurden fan de seespegel. Dat soarget derfoar dat sânbanken net mear drûchfalle. Dêrtroch hawwe fûgels gjin plak mear om iten te finen of út te rêsten.

"De urgentie van klimaatverandering wordt steeds duidelijker. Van de politiek hoeven we op dit gebied niet veel te verwachten. Milieudefensie kwam nu met de vraag of wij meededen en dat leek ons een mooie manier om in actie te komen", seit Tessa van Bussel fan de Waadferiening.

In tankstasjon fan Shell - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Tessa van Bussel fan de Waadferiening

"Shell is ontzettend vervuilend. Omdat ze met hun investeringen veel impact hebben op het soort energie dat wij gebruiken. Dat Shell in Nederland is gevestigd, maakt het voor een rechtszaak makkelijker."

Al 13.000 Nederlanners mei-easker

De juridyske stappen tsjin Shell wurde betelle troch Miljeudefinsje; de Waadferiening leveret mankrêft. Dêrneist is de hope dat ek de efterban him oanslute sil. De organisaasjes roppe boargers op mei te dwaan oan de rjochtsaak troch mei-easker te wurden. Yntusken hawwe al goed 13.000 Nederlanners harren hjirfoar oanmeld.

In wurdfierder fan Shell seit tiisdei dat ek it bedriuw achter de oergong nei in legere útstjit fan broeikasgassen stiet. It bedriuw fynt lykwols dat in rjochtsaak net it goede middel is om foar dizze transysje te soargjen, mar dat der sûn belied nedich is. Oer it krekte oansluten fan de Waadferiening by de rjochtsaak, wol Shell neat kwyt.

(advertinsje)