Kollum: "De Sade en de Paus"

12 feb 2019 - 08:26

"'De hel op bibelpapier'. Dat sei de Frânske parse yn 1990, doe't it wurk fan Markys De Sade opnommen waard yn de Bibliothèque de la Pléiade, tusken dat fan oare grutte Frânske skriuwers. Elkenien moat op in bepaald momint yn syn of har libben wat fan De Sade lêzen ha. Hat ien ea ris sein. Ik wit net oft ik it dêr mei iens bin.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De toan fan Willem Schoorstra

Sels ha ik it wol dien, earne yn de jierren 80. Earst Justine, letter Juliette, of de voorspoed van de ondeugd. Dat lêste is mei De 120 dagen van Sodom it meast bizarre en ferskriklikste wurk fan de Markys.

Wat my wol altyd fernuvere hat, is dat it ek as 'eroatyske of pornografyske literatuer' bestimpele wurden is. Ik sis jim: elkenien dy't it lêze wol foar de seks dy't dêryn foarkomt, moat psychiatryske help sykje. Want mei syn oer-de-top beskriuwingen fan dy meast meunsterlike seks en absurd-groulike wreedheden is it net bedoeld om serieus te nimmen.

It wurk fan De Sade moat sjoen wurde as in filosofyske krityk op de moraal, de macht en de autoriteit fan syn tiid. It is in stalekaart fan misdieden en seksuele ôfwikingen dy't troch machthawwers lykas rjochters, ministers en hege geastliken begien wurde.

Benammen de Katolike Tsjerke, as autoriteit, kriget ûnhuerich fan leksum. Dy diskriminearret froulju net allinne, mar beskôget se inkeld as in objekt dêr't je mei dwaan kinne wat je wolle. Twadderangs boargers dy't je nei eigen goedfinen misbrûke, martelje en deadzje kinne.

Mei de fêststelling dêr efteroan dat sokke geastliken der altyd goed foar weikomme. Sa besjoen kinst De Sade ta de feministyske auteurs rekkenje. Ferjit dêrby net dat it wurk yn de jierren 1700 fan de foarige iuw skreaun wurden is, en boppedat út in frou wei ferteld.

Dêr tocht ik oan, doe't ik lies dat Paus Franciscus foar it earst iepentlik oer it seksueel misbrûk fan nonnen troch biskoppen en prysters prate. In misbrûk dat alle dagen spilet. Hy joech ta dat syn foargonger in nonnekongregaasje yn Frankryk ûntbûn hie, omdat de pryster dy't dy oprjochte hie mei in groep meistanners de nonnen as seksslaven eksploitearre.

Yn guon gefallen wiene nonnen sels ta in abortus twongen wurden, in saak dy't de Katolike Tsjerke oars ferbiedt. Eigen prysters earst, soest sizze kinne. Want dêr, en yn bygelyks de FS, Yndia, Sily, de Filipinen, Afrika en Italië, waarden dy nonnen út de oarder stjitten om't se deroer praat hiene, en de prysters inkeld tydlik út it amt set. Soks klinkt as 'victim blaming', it slachtoffer de skuld jaan.

De redakteur fan de frouljusbylage fan de Fatikaanske krante Osservatore Romano, Lucetta Scaraffia, sei dat it tajaan fan it misbrûk wat Paus Franciscus dien hie, helpe koe, mar dat de Katolike Tsjerke wol aksje ûndernimme moast. 'Oars feroaret der neat,' sei se. Salang't de tsjerke woartelet yn de moraal en de etyk fan de midsiuwen sil der ek neat feroarje, en moat sekulier tafersjoch en hanthavening it probleem oanpakke.

Mei sokke ferhalen oer misbrûk en seksslaven is it net nuver dat ik oan De Sade tinke moast. Hat dy Libertynske, geniale gek dochs gelyk hân mei syn oanfallen op de Katolike Tsjerke."

(advertinsje)
(advertinsje)