Soarchorganisaasjes hâlde banemerk op It Hearrenfean en Dokkum

12 feb 2019 - 07:40

Soarchorganisaasjes Talant en Meriant hâlde tiisdei tegearre mei it memme-bedriuw Alliade de earste twa fan yn totaal sân banemerken. Op dizze wize wolle de ynstânsjes minsken dy 't wurk sykje yn de soarch op leechdrompelige wize yn de kunde komme litte mei it fak.

Âldereinsoarch - Foto: Shutterstock.com

Ferline jier rekken troch de banemerk hast 50 minsken oan it wurk, mar noch hieltyd kinne de organisaasjes minsken brûke. Neffens Silvia Vuist, direkteur fan Talant, wurdt de soarchfraach hieltyd heger en swierder. Dêrtroch is it lestich goed kwalifisearre personiel te finen, ek omdat elkenien yn deselde fiver fisket.

De organisaasjes sykje begelieders, ferpleechkundigen en fersoargjenden IG. "Mensen die willen kennismaken met de zorg, van plan zijn om zich te laten omscholen of diploma's hebben, maar er al een tijd uit zijn, daarvoor kunnen we allerlei mogelijkheden onderzoeken om hen welkom te heten in de zorg", seit Vuist.

De banemerk is tiisdei fan 16:00 oant 19:00 op It Hearrefean en yn Dokkum.

Talant direkteur Silvia Vuist oer de banemerk

(advertinsje)