Jonges wolle pizza stelle en driigje mei mes
Meiwurkers fan in supermerk oan de Eastersingel yn Ljouwert ha moandei in 15-jierrige jonge oanhâlden, dy't mei help fan in mes fjouwer pizza's stelle woe.
De jonge en in maat woene de pizza's stelle en bedrigen de meiwurkers mei in mes. Dy wisten it mes ôf te pakken en ien fan de jonges oan te hâlden. De twadde naaide út en is noch net fûn. De 15-jierrige jonge sit noch fêst foar fierder ûndersyk. Der is him in tagongsferbod foar fiif jier oplein.