Grutte kâns dat de Provinsjale Steaten ynstimme mei de 5 miljoen euro foar Cambuurstadion

11 feb 2019 - 23:07

It liket frij wis te wêzen dat de 5 miljoen euro subsydzje fan de Provinsje Fryslân foar de omjouwing fan it Cambuurstadion der komme sil. Dat die moandeitejûn bliken op in kommisjegearkomste. De partijen hawwe noch wol fragen en se wolle sekerheid oer it tal fjouwerkante meters dat beskikber is foar winkels.

Foto: Bureau voor Widdershoven architectuur en architecten BV

Partijen

Earder waard al dúdlik dat de provinsje op betingst 4,947 miljoen euro beskikber stelle wol foar de ûntjouwing fan it gebiet om it WTC yn Ljouwert hinne. De Steaten sille dêr oer twa wiken oer stimme, mar yn de oanrin dêrhinne is dizze kommisjegearkomste belein.

Partijen CDA en FNP binne der wis fan dat de 5 miljoen euro der komme sil. Earder al sei fraksjefoarsitter Van Maurik fan de PvdA de subsydzje-oanfraach de stypjen. PVV en 50Plus fine dat der earst in dúdliker plan troch de gemeente Ljouwert makke wurde moat wat it tal winkels oanbelanget, foardat der fierder praat wurde kin oer 5 miljoen euro subsydzje.

Deputearre Kielstra

Deputearre Kielstra fynt de reeëns fan it kolleezje om de 5 miljoen subsydzje út te jaan posityf en begrypt dat de Steaten in balâns sjen wolle as it giet om it oantal winkels op de Sintrale, yn de binnenstêd en yn it WTC-gebiet.

Der sil sa'n 30.000 fjouwerkante meter ekstra winkelgebiet by komme yn Ljouwert mei de komst fan it Cambuurstadiongebiet én in útwreiding fan de Sintrale. In betingst fan de subsydzje is dat hjirmei gjin winkeloerskot yn de stêd ûntstiet.

"Dêr ha we in heldere brief foar stjoerd oan it kolleezje fan Ljouwert en dêrfan moatte we sjen oft de Steaten dêr fertrouwen yn ha. It is in gewoan subsydzjefersyk dat we foarlein ha oan de Steaten, want dy gean oer it jild. Wy ha as provinsje altyd ús eigen toetsingskader om te sjen oft de betingsten burgen wurde."

Ynsprekkers

Trije boargers hawwe út namme fan retailers en leisure-bedriuwen tiisdeitejûn harren sechje dien oer de plannen foar it gebiet om it nije Cambuurstadion hinne. Sy wolle gjin winkels yn it gebiet hawwe om leechstân yn de binnenstêd foar te kommen. Fierders binne saken lykas in bioskoop en bowlingbaan troch de hege hierpriis net rendabel yn it WTC-gebiet, sa fine sy.

Nei oanlieding fan de ynsprekkers gie it kolleezje fierder yn petear mei deputearre Kielstra oer de 5 miljoen euro subsydzje. Dy bydrage is foar de ynvestearring yn de iepenbiere romte en ynfrastruktuer om it nije stadion hinne, lykas parkearplakken en wegen. It jild is perfoarst net bedoeld foar stipe yn ekonomyske aktiviteiten lykas eksploitaasje of betelle fuotbal.

(advertinsje)