VVD leit bom ûnder koälysje om sânwinning Iselmar

11 feb 2019 - 22:37

As de FNP woansdeitejûn tsjin de sânwinning stimt, dan lûkt de VVD de stekker út de koälysje. Dat seit Olaf Storms, fraksjefoarsitter VVD yn gemeente De Fryske Marren.

It sânwinningseilân sa't it der neffens winner Royal Smals útsjen sil - Foto: Byld: promofilm Royal Smals

De VVD-fraksje is bot teloarsteld yn de FNP no't dy partij woansdeitejûn tsjin de sânwinning yn de Iselmar stimme sil. De FNP is foar harren no in ûnbetroubere partner wurden en dêr kinne se net fierder mei.

"We hebben een jaar geleden een coalitie gevormd en afspraken gemaakt en dan gaat in één keer één partij wat anders doen, zonder overleg. Dat hoort niet zo", seit Storms.

"Fersjoen"

FNP-fraksjefoarsitter Jan Volbeda joech moandeitejûn yn it polityk programma It Polytburo op Omrop Fryslân telefyzje oan dat er him fersjoen hat op de sânwinningsplannen en dêrom fan miening feroare is. "Mei de wiisheid fan no, wolle wy bystjoere." It nee fan de FNP tsjin de sânwinningsplannen hoecht net te lieden ta de fal fan it kolleezje, sa sei Volbeda.

CDA wachtet ôf

It CDA nimt noch gjin stelling yn dizze saak. Sy wachtsje woansdeitejûn de riedsgearkomste ôf. Fraksjefoarsitter Jan van Zanden: "Wy fine dat de diskusje en it beslút yn de riedseal plakfine moat". Mar ek Van Zanden lit trochskimerje dat it betrouwen yn de FNP as koälysjepartner 'skansearre' is. "Ik doch dêrom in berop op de FNP om noch even hiel goed nei te tinken."

Olaf Storms De Fryske Marren oer koälysje mei FNP

CDA-fraksjefoarsitter Jan van Zanden

(advertinsje)
(advertinsje)