Jeugdoplieding SC Hearrenfean kriget goed oardel ton fan lotterij

11 feb 2019 - 22:23

De jeugdoplieding fan SC Hearrenfean kriget goed oardel ton fan Vriendenloterij, byinoar brocht troch de Feansupporters. Dielnimmers fan de lotterij hawwe de mooglikheid mei te spyljen foar in sels keazen goed doel, klup of feriening. Fan elk kocht lot giet de helte nei de klup.

Foto: SC Hearrenfean

It lotterij-jild foar de jeugdoplieding wurdt ûnder oare brûkt om de jonge spilerkes ta te rieden op in takomst yn de maatskippij. Want net alle fuotbaljende bern komme letter yn it betelle fuotbal.

Oare fuotbalklups krije op dizze wize ek jild fan de Vriendenloterij. SC Hearrenfean stiet op it sânde plak yn de top tsien. Boppe-oan de list stiet Ajax mei mear as oardel miljoen oan supportersjild út ferkeap lotten.

(advertinsje)
(advertinsje)