Willem Dankbaar ek yn heger berop feroardiele

De 57-jarige Willem Dankbaar út Overveen (Noard-Hollân) is foar syn smaadlike teksten oer de moardsaak Marianne Vaatstra yn heger berop feroardiele ta twa moannen sel.
Justysje © Shutterstock.com
De man gie troch mei it publisearjen fan misledigjende teksten, wylst er noch syn proeftiid siet. Dankbaar publisearret al jierrenlang syn teory oer de moard op Marianne Vaatstra yn 1999. Ek neidat yn 2013 Jasper S. út Aldwâld foar de saak feroadiele is.
Hy is al meardere kearen feroardiele en moast in boek dat er skreaun hie, út de hannel helje. Boppedat hat er earder al twangsommen oplein krige, om't er sûnder tastimming parten út it deiboek fan de mem fan Marianne Vaatstra publisearre hie.
It gerjochtshôf rekkenet Dankbaar swier oan dat er sa by syn ferhaal bliuwt. Hy sei sels op de sitting ein jannewaris dat er suver, edel en oprjocht is.