Fûgelstjerte op Waad net troch firus, ûndersyk rjochtet him no op konteners

11 feb 2019 - 21:43

De tûzenen skoeten (Frysk foar zeekoeten) dy't de ôfrûne wiken omkommen binne op de Waadsee, binne net deagien troch in firus. Dat meldt de Dútske omrop NDR op basis fan ûndersyk troch it Landesamt für Verbraucherschutz und Lebensmittelsicherheit (LAVES), de Voedsel- en Warenautoriteit fan de dielsteat Nedersaksen.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

By de deade skoeten is it mage- en termstelsel bot oantaast, sa is fêststeld. Oant no ta is der gjin ferbân oantoand tusken de fûgelstjerte en de kontenerramp. No't wis is dat net in firus de oarsaak is, rjochtet de oandacht him ûnder oare op de stof benzoyl-perokside. Dy stof siet yn ien fan de konteners dy't fan it skip MSC Zoe fallen binne.

Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 mear as 345 konteners ferlern. Dat barde boppe de Waadeilânnen. Troch de hurde wyn binne de konteners nei de Fryske Waadeilannen dreaun. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.

(advertinsje)
(advertinsje)