Sawol Jong Hearrenfean as Jong Cambuur winne mei grutte sifers

11 feb 2019 - 21:04

De belofteteams fan beide Fryske betelle fuotbalorganisaasjes hawwe moandei de útwedstriden mei oermacht wûn.

Foto: Omrop Fryslân

Jong Hearrenfean wie yn de wedstriid tsjin Jong Achilles '29 fierwei de bettere ploech. Yn Groesbeek waard it 0-7. By rêst stiene de Friezen al mei fjouwer doelpunten foar. Yn de twadde helte kamen der noch trije by wêrfan't de lêste twa strafskoppen wienen. Topskoarder by Jong Hearrenfean wie Nordin Tahboun mei trije treffers.

Jong Cambuur wûn ek mei grutte sifers. Tsjin Jong FC Dordrecht waard it 0-5 foar de Ljouwerters. By rêst stie der 0-2 op it skoareboerd. De wedstriid yn Dordrecht begûn in kertier letter omdat de bus út Ljouwert yn in file stien hie.

(advertinsje)