"Nee tsjin sânwinning hoecht net te lieden ta fal kolleezje Fryske Marren"

It "nee" fan de FNP yn De Fryske Marren tsjin de sânwinning yn de Iselmar hoecht net te lieden ta de fal fan it kolleezje. Dat seit fraksjefoarsitter Jan Volbeda fan de FNP yn It Polytburo.

CDA en VVD: fertrouwen yn FNP skeind

De oare kolleezjepartijen, CDA en VVD, fine dat it betrouwen yn de FNP skeind is, no't de partij him ferline wike kearde tsjin de winning fan sân by Aldemardum, ien wike foar it finale debat yn de gemeenteried.
© Omrop Fryslân
As politikus moatte jo net altyd sizze: Wy bliuwe by ús saak. Jo moatte de earlikheid en iepenheid hawwe om te sizzen: Mei de wiisheid fan no, wolle wy bystjoere.
Jan Volbeda
Volbeda jout ta dat de polityk him fersjoen hat op de yngripende plannen, it tritich jier dei en nacht winnen fan sân op in wurkeilân mei gebouwen oant 22 meter heech.

Genôch fertrouwen yn kolleezje?

De gemeenteried fan De Fryske Marren nimt woansdei in beslút oer de sânwinning, mar troch de koerswiziging fan de FNP is no in mearderheid tsjin. De fraach is no wat der mei it kolleezje bart. It CDA en de VVD binne foar de sânwinning. It is net dúdlik oft der by dy partijen genôch fertrouwen is om it kolleezje fuortbestean te litten.