Jeugdhulp Fryslân biedt útkomsten 'regel-skras-sessys' oan minister oan
Om minder druk fan regels te hawwen hâlde Jeugdhulp Fryslân regel-skras-sessys. It resultaat waard moandei yn Ljouwert presintearre, ûnder oaren oan minister De Jonge, dy't op wurkbesite wie.
Administrative taken
Jeugdwurkers fine dat se te folle dwaande binne mei administrative taken. It regear wol ek ôf fan te folle regels yn de soarch en is dwaande mei de kampanje (Ont)regel de zorg. Jeugdhulp Fryslân wol minder wurkdruk troch minder oerheidsregels of wetten, mar ek troch de eigen regels en rapportaazjes.
Het is snappen of schrappen. En er anders mee kappen.
Minister Hugo de Jonge fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport
Jeughulp Fryslân sil mei Sosjaal Domein Fryslân en soarchoanbieders mei help fan adviseur Rita Verdonk besykje saken makliker te meitsjen, lykas finansiering of digitale rapportaazje om de burokrasy en regeldruk te ferminderjen. Verdonk komt oer trije moannen wer om te sjen hoe't it giet en de minister komt oer in healjier werom.