"Fryske húsdokters wegerje inkeld pasjinten as de praktyk fol is"

Húsdokters yn Fryslân wegerje ek wolris pasjinten, seit Jet van Leeuwen fan de Fryske húsdoktersferiening, mar net om reden dy't de ACM oanjout. De reden fan wegering yn Fryslân is dat der te min húsdokers binne. As de praktiken fol binne, moatte de dokters nee ferkeapje tsjin nije pasjinten.
Stetoskoop © Shutterstock.com
De Autoriteit Consument en Markt hat bekend makke dat ien fiifde fan húsdokters wolris pasjinten wegeret, om redenen dy't tsjin de regels binne. Sa soene dokters ûnderinoar ôfspraken meitsje oer de ferdieling fan pasjinten.
Van Leeuwen begrypt it berjocht fan de ACM net sa goed. Húsdokters witte hiel goed dat se net ûnderinoar de merk ferdiele meie. seit se. Der is frije kar fan dokters.
Jet van Leeuwen, bestjoerslid Fryske húsdokterferiening en húsdokter yn Ljouwert

Alvepraktiketocht

Der is krapte oan húsdokters, ek yn Fryslân. Om dêr wat oan te dwaan, komt der in saneamde 'alvepraktiketocht'. Dy is bedoeld om húsdokters dy't net yn it Noarden wenje, ris sjen te litten hoe't se hjir wurkje en hoe't it hjir wenjen is.
Wat in ferhuzing faak wat dreger makket, is dat de partners fan de húsdokters ek in baan yn it noarden hawwe wolle en dat is net altyd ien twa trije regele. Fierders is it hâlden fan in praktyk folle yngewikkelder as tsien of tweintich jier ferlyn, leit Van Leeuwen út.