Dosinten skoallemienskip Liudger leare better lesjaan yn eigen ynnovaasjesintrum

11 feb 2019 - 17:35

Kristlike skoallemienskip Liudger yn Drachten krijt in eigen ynnovaasjesintrum. Doel derfan is dat de dosinten fan de skoalle dêr leare hoe't se mei de nijste technologyen noch better lesjaan kinne. Dêrmei wolle se it ûnderwiis better oanslute litte by de belibbingswrâld en it ferlet fan de learlingen.

Foto: CSG Liudger

It ynnovaasjesintrum is der net allinne foar de meiwurkers en learlingen fan Liudger, mar ek foar maatskiplike organisaasjes, bedriuwen en ûnderwiisynstellingen út de regio. Dy krije yn de takomst ek de mooglikheid dêr te wurkjen. Ferskate bedriuwen ha materiaal beskikber steld foar it ynnovaasjesintrum. Dat wurdt tiisdei offisjeel iepene.

(advertinsje)
(advertinsje)