Wedstriid fan de wike: Fryske derby tusken Harkemase Boys en ONS Snits

Harkemase Boys en ONS Snits binne de de twa heechstspyljende Fryske amateurklups. Oankommende sneon nimme se it op Sportpark De Bosk op De Harkema tsjin mekoar op en dus is dat de 'Wedstriid fan de Wike'.
ONS Snits sil revâns nimme wolle foar de earste Fryske derby fan dit seizoen, dy't Harkemase Boys oan it begjin fan dit seizoen mei 2-1 wûn. "Boppedat kin ONS de punten op dit stuit better brûke as Harkemase Boys. De Harkiten steane yn de subtop en spylje eins nearne mear foar. Of it moat in perioade wêze", fertelt sportferslachjouwer Andor Faber. "Dat leit oars by ONS. Troch de oerwinning fan ofrûne wykein hawwe se wat mear lucht, mar se moatte noch altyd mei in skean each nei ûnderen sjen."
De wedstriid set sneontemiddei om 14.30 oere útein en is live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio. Ek is der sneon in gearfetting te sjen fan de wedstriid.
De derby ferline seizoen: Jesse Renken en Curty Gonzales © www.orange-pictures.nl
Yn de 'Wedstriid fan de wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.
© Omrop Fryslân