Wat hâldt pulsfiskjen eins yn?

Yn Straatsburg prate dizze wike de Europeeske Ried, de Europeeske Kommisje en it Europeesk Parlemint oer de takomst fan it pulsfiskjen. It liket der no op dat it ferbean wurdt. De konsekwinsjes foar de Nederlânske fiskers binne grut, sa sizze de belange-organisaasjes. Wat hâldt dizze wize fan fiskjen yn?
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
We fregen it Durk van Tuinen fan Hylpen fan de Nederlandse Vissersbond it begjin ferline jier. Om't it no wer aktueel is, pleatse we dit artikel nochris.

Wat is pulsfiskjen krekt?

"It giet om fiskjen mei netten dêr't gjin kettingen oan sitte, mar elektroaden mei swakstroom. It is in folle duorsumer wize fan fiskjen. It is better foar de seeboaiem, en de kotters ferbrûke ek folle minder brânstof. It is hiel geskikt foar de fiskerij op de Noardsee."

Mar der binne ek tsjinstanners fan de pulsfiskerij, benammen yn Frankryk. Dy sizze dat de fisk sa bot skansearre wurdt by de pulsfiskerij, dat de fisk ûnferkeapber wurdt. Is dat jo ûnderfining ek?

"Dat is in hiel frjemd argumint. Us ûnderfining is krekt dat de fisk folle moaier bliuwt as mei de tradisjonele fiskmetoade mei de boomkor."

Is dit wat jo oanbelanget in foarbyld fan it 'fakenews' dat de tsjinstanners fan de pulsfiskerij ferspriede yn it Europeesk Parlemint?

"Der is in hiele fûle kampanje oan de gong tsjin de pulsfiskerij troch lobbyisten dy't fulltime yn Brussel sitte. It is in wat ûngelikense striid, want wy hawwe net iens in eigen lobbyist yn Brussel. Dêr binne wy te lyts foar."

Wêrom binne de Frânske fiskers sa fûl tsjin de pulsfiskerij? Gunne se it de Nederlânske fiskers net?

"Dêr liket it wol op. Se fine de Nederlânske sektor te ynnovatyf en te foarútstribjend. It wurdt ús blykber net gund troch kollega's yn oare lannen. Ik wol der wol by sizze dat ik it hiel frjemd fyn dat kollega's út lannen as Poalen, Letlân en Italië no meistimme meie oer de fiskerij op de Noardsee, want dêr hawwe se hielendal gjin doel oer...."

Wat seit de Nederlânske miljeubeweging?

"Wy hawwe hjir in goed kontakt oer mei Greenpeace en Stichting De Noordzee. Dy neame de pulsfiskerij yn in ferklearring 'in weardefolle ûntwikkeling' en wolle graach dat der mear ûndersyk dien wurdt nei de effekten. Dêr binne wy it mei iens."

Wat binne de gefolgen as de pulsfiskerij ferbean wurdt?

"Der binne op dit stuit al tusken de 60 en 70 Nederlânske kotters dy't eksperiminteel mei de pulstechnyk fiskje. Ik moat der net oan tinke, want de fiskers moatte dan wer werom nei in âlde fisktechnyk, dy't folle fersmoargjender is en minder duorsum."

Hoe sit it mei de Nederlanners en Friezen yn it Europeesk Parlemint. Stypje dy jimme wol?

"Wy hawwe in goed kontakt mei Europarlemintariërs as Peter van Dalen (CU) en Jan Huitema (VVD). Yn gearwurking mei him besykje wy de stipe te krijen fan de liberale fraksje yn it Europeesk Parlemint, mar op dit stuit is noch net dúdlik oft dat ek slagget...."