Pulsfiskers hawwe harren hoop fêstige op premier Rutte

11 feb 2019 - 17:01

Premier Rutte moat mei syn Frânske kollega Macron prate om derfoar te soargjen dat it pulsfiskjen net ferbean wurdt. Dat seit Durk van Tuinen fan it Nederlânsk fiskersbûn. Van Tuinen wie moandei op in gearkomste op Urk fan ferskate belange-organisaasjes om in needplan te meitsjen fan it fiskjen mei stroomstjitten. De emoasjes rûnen betiden heech op op de gearkomste, seit Van Tuinen.

Foto: ANP

Untheffing mei net mear

Mei it pulsfiskjen wurdt fisk mei stroomstjitten opskrokken, sadat se fongen wurde kinne. De pulsfiskerij is offisjeel ferbean yn Europa. Nederlân hat in tydlike ûntheffing krige.

Fallyt

Guon Nederlânske fiskers hawwe in soad yn dizze technyk ynvestearre, mar Brussel driget it no definityf te ferbieden op oantrunen fan Frankryk. Dat soe it fallissimint betsjutte fan de Nederlânske pulsfiskers. Der wurdt wol praat oer in oergongsregeling, mar Van Tuinen sjocht dêr neat yn.

Lang net alle fiskers binne oergien op de puls. Guon Fryske fiskers hawwe krityk op it fiskjen mei stroom en se wolle dêr net oan.

Durk van Tuinen oer ferbod pulsfiskerij

Trefwurden: 
pulsfiskerij
(advertinsje)