Arthur Oostvogel is riddere by syn ôfskied fan stedsskouboarch De Harmonie

Arthur Oostvogel hâldt nei 18 jier op as direkteur fan de Ljouwerter stedsskouboarch De Harmonie. Hy is beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Kommissaris fan de Kening drs. A.A.M. Brok hat him de fersiersels opspjelde. Hy priizge de ynset fan Oostvogel foar de kulturele sektor yn de ôfrûne 35 jier en foar dy op oare gebieten.
It lintsje kaam as in folsleine ferrassing. Oostvogel wie sichtber oandien en krige in grut applaus fan de minsken yn de seal.
Der is in hiel programma en tal fan pommeranten binne by it ôfskied lykas Joop Mulder, minsken fan Tryater en Elske DeWall sil optrede.

Kado

Syn offisjele ôfskied is moandeitemiddei yn 'syn' eigen teäter. By dat ôfskied is in poëzystien ûntbleate foar de yngong, mei dêrop it gedicht 'In het theater' fan Hagar Peeters.
© Omrop Fryslân, René Koster
"Het was geweldig, hard werken, in een prachtige omgeving en met prachtige mensen in een van de mooiste schouwburgen van het land", sa sjocht Oostvogel werom. Hy is bliid en grutsk.
Doe't er yn 2001 kaam trof er in moai gebou oan en in goed besochte programmearring. "En daar zijn we nu op terug." Ljouwert Kulturele Haadstêd wie ien fan de hichtepunten foar him. "Dat dat uitgroeide van een kleine vonk naar een fantastisch evenement, een jaar lang waarbij we Leeuwarden en Fryslân aan de rest van de wereld hebben laten zien."
Falt er nei syn ôfskied yn in swart gat? "Nee, zo leef ik niet. Ik ga het eerst even rustig aan doen, maar dan dingen oppakken waar ik nooit tijd voor heb gehad. En ik blijf in Fryslân."
Ferslachjouwer René Koster praat mei Arthur Oostvogel by syn ôfskie
Oostvogel wie sûnt 2001 direkteur fan De Harmonie. Dêrfoar wie hy aktyf yn de kulturele sektor yn syn berteplak Den Bosch. Yn syn Ljouwerter tiid wie hy aktyf yn regionale en lanlike oerlisorganen fan teäterdirekteuren. Oostvogel wie bestjoerslid fan it Oerol-festival op Skylge.
Ek wie er in driuwende krêft achter Club Diplomatique Fryslân en de Friesche Compagnie, netwurkklups foar fertsjintwurdigers út it bedriuwslibben, ûnderwiis, oerheid en kulturele wrâld. Hy sette in soad nije aktiviteiten op, dy 't nei syn ôfskied bestean bleaune. "Oan dizze ynspirator en strategyske tinker ha Fryslân en de teäterwrâld in soad te tankjen", seit kommissaris Brok.
Under lieding fan Oostvogel is it tal foarstellings en it tal besikers yn De Harmonie tanommen. Ferline jier wûn it teäter de lanlike Roel Oostrapriis, as meast gastfrije skouboarch.
Oostvogel wurdt opfolge troch Marijke van der Woude, earder direkteur fan it Centrum voor de Beeldende Kunst yn Grins.
© Omrop Fryslân, René Koster
Arthur Oostvogel riddere