Hûndert oeren wurkstraf foar yllegaal fjoerwurk

In man út Easterwâlde hat in wurkstraf fan hûndert oeren krigen foar it besit fan in partij yllegaal fjoerwurk. De plysje hâlde de man oan nei oanlieding fan in tip oer de soan fan de fertochte. Dy soe in oare jonge fjoerwurk oanbean ha.
© Flickr
De fertochte bestriidt dat er syn soan ynskeakele hat om fjoerwurk oan de man te bringen. De plysje naam 140 Butterfly Crackers, tsien Spain Crackers, 39 Super Cobra's, 125 Crazy Bangs en tweintich lawinepylken yn beslach.
Njonken de wurkstraf easke justysje in heal jier finzenisstraf as stok achter de doar. De fertochte hat tsjin de rjochter sein dat er net noch in kear de fout yngean sil.