Gea Wielinga is de nije foarsitter fan Hûs en Hiem

11 feb 2019 - 15:53

Gea Wielinga is de nije foarsitter fan Hûs en Hiem. Se is wethâlder yn Súdwest-Fryslân. As foarsitter fan Hûs en Hiem is se de opfolger fan Henk Deinum. Hy wie goed trije jier foarsitter. Hûs en Hiem is in advysorganisaasje fan de Fryske gemeenten op it mêd fan romtlike omjouwing.

Foto: Súdwest-Fryslân

Wielinga, fan it CDA, wennet yn Snits en waard yn 2011 wethâlder yn har gemeente. Sûnt dy tiid sit se ek yn it algemien bestjoer fan Hûs en Hiem.

Yn Hûs en Hiem wurkje santjin fan de achttjin Fryske gemeenten gear. De advyskommisje jout advys oer romtlike kwaliteit, wolstân en monumintesoarch.

Oare bestjoersleden

Njonken Wielinga bestiet it deistich bestjoer út de wethâlders Jan Dijkstra (Waadhoeke), Hanneke Zonderland (Weststellingwerf) en Jouke Spoelstra (Achtkarspelen). Letter dit jier komt Hein de Haan, de nije wethâlder yn de gemeente Ljouwert, derby.

Loes Oudenaarde en Kees Kat binne advisearjend lid út de rûnte Fryslân fan it Bûn fan Nederlânske Arsjitekten. Sekretaris fan it bestjoer is Marc A. Visser.

Trefwurden: 
CDA Gea Wielinga Hûs en Hiem
(Advertinsje)
(Advertinsje)