Master Jeroen oer De Luizenmoeder: "It gie wol wer mâl"

11 feb 2019 - 15:39

Hast fjouwer miljoen minsken sieten sneintejûn wer foar de telefyzje om it twadde seizoen fan De Luizenmoeder te sjen. Dêrmei wie it tv-programma op 'e nij ien fan de bêst besjoene programma's fan de sneintejûn. Ien fan dy fêste sjoggers is Jeroen de Vries fan basisskoalle De Súdwester út Snits. "It gie wol wer mâl."

Foto: NPO3

De Luizenmoeder is in searje oer basisskoalle De Klimop. In soad situaasjes binne tige werkenber foar âlden dy't harren bern noch op de basisskoalle hawwe. Yn it radioprogramma De middei fan Fryslân belle Femke de Walle mei master De Vries dy't de Luizenmoeder foar Omrop Fryslân folget. "Ik wie wat let op skoalle, mar yn de pauze hienen kollega's it der wol oer. De reaksjes wienen wikseljend."

Dat de reaksjes wikseljend wienen, kaam neffens De Vries troch de hege ferwachtings: "Nei de earste searje ferline jier ferwachtsje minsken fansels in protte fan it nije seizoen. Ik ek. Ik moat sizze dat se myn ferwachtings net hielendal wier makke hawwe."

"Luizenmoeder is werkenber"

Wat De Luizenmoeder neffens De Vries sa leuk makket, is dat it werkenber is. "Jo hawwe op eltse skoalle in master of juf dy't wat oars as oars is. De bern fine dat moai, al giet it yn dizze searje wol hiel mâl. Ik wurkje yn it spesjaal ûnderwiis. Dan hawwe jo mei oare bern te krijen, dus it is hielendal net slim as de dosinten wat bûten de lyntsjes komme. Dat binne de meast kreative minsken en slút hiel goed oan op de learlingen", sa beslút De Vries syn 'resinsje'.

Master Jeroen de Vries oer De Luizenmoeder

(advertinsje)
(advertinsje)