Susters foar de rjochter om deariden pyk

Twa susters fan 67 en 68 jier út Wynjewâld en Sânhûzen stiene moandei foar de rjochter foar it deariden fan in pyk. De beide froulju rieden yn de maitiid fan 2017 oer in pyk hinne, dy't siik wie. De âldste frou woe it bist út syn lijen ferlosse troch it bist dea te riden mei de auto. De yntinsje wie goed, allinnich wie de metoade 'niet in orde', sa konkludearre de rjochter.
© ANP Foto
It barren waard twa jier lyn filme troch in buorjonkje dat it filmke op Dumpert sette. Dat waard oppikt troch de Landelijke Inspectiedienst Dierenbescherming. De beide froulju waarden beskuldige fan bistemishanneling en moasten oan de rjochter útlizze wat der yn de maitiid fan 2017 krekt bard wie.

Gjin straf

De rjochter ferklearre de beide froulju skuldich, mar dielde fierder gjin straf út. Beide froulju wiene neffens him al genôch straft troch alle opskuor dy't der ûntstien is fanwege it filmke.