Senioarekompleks yn âlde gemeentehûs Balk hat in namme: Gaasterlânhûs

11 feb 2019 - 14:32

It senioarekompleks dat yn it âlde gemeentehûs yn Balk komt, hat in namme: it Gaasterlânhûs. Riem en har dochter Anke Sprik hawwe de namme betocht. Alle ynwenners fan Balk en omjouwing mochten meidwaan oan de priisfraach foar in nije namme.

Petra de Groot oerlanget in dinerbon en in blomke oan mem en dochter Sprik - Foto: Patyna

Soarchorginaasje Patyna skreau de priisfraach út. Dêr kamen mear as hûndert ynstjoeringen op. Petra de Groot fertelt wêrom't de sjuery foar de namme Gaasterlânhûs keazen hat: "Gaasterlân is van oudsher de naam van de gemeente. Het is herkenbaar in de regio. We vonden het belangrijk dat deze naam niet verloren zou gaan. Bovendien komen de nieuwe bewoners uit de hele regio."

Mem en dochter Sprik seagen bewust nei de skiednis: "Het gebouw is als laatste gebruikt als gemeentehuis. De naam Gaasterlânhûs is een mooie herinnering aan deze geschiedenis."

De ferbou fan it âlde gemeentehûs is yntusken úteinset. Der komme achttjin apparteminten, in priveetún en in mienskiplike romte foar moetingen en aktiviteiten. It is de bedoeling dat it kompleks ein dit jier oplevere wurdt. Der binne noch wat apparteminten beskikber.

(advertinsje)